Will Wood

Euthanasia

Will Wood
traduzione in Frisone icon 6 traduzioni icon 6
icon
Album:
In Case I Make It
Testi originali
Inglese
Traduzione
Frisone

Euthanasia

Eutanasy

Ik wie derby
Doe ' tst mei hân en tosk focht
Wylst men yn it gasmasker hime, yn it rûn wâdet, oant men ferdwûn
Do seist datst net bang bist, en dat it komt omdatst witst dat ik om dy joech en
Do seist datst witst dat ik fan dy hâld, en dat der gjin hoop wie
 
En ik wit, ik wit dat ik it mis ha
Dat ast fuort bist, bist fuort
En ik kin dy net werom nei hûs bringe
Mar ik wol, ik wol leauwe
Datst my yn ’t sin bringe silst ast noch mar in oantinken bist
 
Woartels yn 'e grûn
Of stjoerd nei de cloud of
Waarm binnenyn ús herten of elektroanen yn ús hollen – no net mear earne
Boppe de reinbôge, mei ik delkomme om hallô te sizzen en
Sorry, ik soe myn wurden weromnimme as ik koe, mar ik wit
 
Fan ien hâlde dy 't te fier fuort is om mei te praten
Is hielendal net hâlde fan, mei wa praat ik?
Mar ik wol, ik wol leauwe
Datst my noch altyd hearre kinst ast mar in oantinken bist
 
Ik sei: "It is okee"
En: "It sil gau foarby wêze"
Ik soe dy nea wat slims oerkomme litte
No, nacht, ik hâld fan dy
 
Elken, elkenien stjert
Fjochtsjend foar syn libben, besocht om te oerlibjen
No, ik wit, ik wit wêrom 't we sizze
Dat der in better plak achter it grêf is, o
 
En ik wit, ik wit it net wier is
Bist der net mear mar salang 't der gjin bewiis is,
Ik kies, ik kies derfoar om te leauwen
Dat wy inoar wer moetsje sille yn swiete dreamen asto ynsliept bist
 
expand collapse Translation details
Aeltsje Aeltsje
submitted on 28 Giu 2023 - 00:33
Give a shoutout to Aeltsje

Modi di dire da “Euthanasia”