Englisch request for "Frysk hynder"

Help translate from Friesisch to Englisch song Frysk hynder by Griet Wiersma
Requested by: Grace Strickman Grace Strickman on 5 Apr 2024 - 20:07
Subscribed by: F S
Originaltext
Friesisch
Übersetzung
Englisch

Frysk hynder

Wy songen oer in hiele soad
Der 't Fryslân grut om is
Alvestêden, keatsen, silersboat
Mar dêr is ien ding dat ik mis
As jo sa troch ús Fryslân geane
Mei oeral sa 'n fertier
Dan sjogge jo him rûnom stean
Ús hynder grutsk en fier
 
Frysk hynder sa grut en swart
't Is wert 'k oan tinke moat
De fuotten heech, de holle fier
Troch it lân sa frij en blier
Sjoch ik dy mei ruter gean
As foar de karre stean
Frysk hynder mei grut ferstân
De trots fan 't Fryske lân
 
En iens yn 't jier dan komme yn 't FEC
In hiel soad by elkoar
Elk dy 't dêr komt is hynstegek
Set it beste fuotsje foar
Dressuer as foar de sjees
Ja och, do bist yn alles goed
Ik krij pikefel as ik dat sjoch
Dat moaie Fryske bloed.
 
Frysk hynder sa grut en swart
't Is wert 'k oan tinke moat
De fuotten heech, de holle fier
Troch it lân sa frij en blier
Sjoch ik dy mei ruter gean
As foar de karre stean
Frysk hynder mei grut ferstân
De trots fan 't Fryske lân
 
Ik sjoch dêr yn ús Fryske lân
In fôle mei har mem
De earkes foaroer en mei ferstân
Heart se de boer syn stim
Op keuringsdagen giet it goed
De merje is model
De fôle hat 't ek yn 't bloed
It is sa 'n prachtich stel
 
Frysk hynder sa grut en swart
't Is wert 'k oan tinke moat
De fuotten heech, de holle fier
Troch it lân sa frij en blier
Sjoch ik dy mei ruter gean
As foar de karre stean
Frysk hynder mei grut ferstân
De trots fan 't Fryske lân
 
Frysk hynder mei grut ferstân
De trots fan 't Fryske lân
 
 
Anmelden oder Registrieren, um zu übersetzen
expand collapse Song details
Taeyang Taeyang
submitted on 12 Mär 2022 - 21:28