Tiếng Anh request for "De Fisker"
Help translate from Tiếng Frisia to Tiếng Anh song De Fisker by Nanne & Ankie
Requested by:
Vasha
on 17 Th10 2025 - 01:58
Vasha
on 17 Th10 2025 - 01:58 Lời bài hát gốc
Tiếng Frisia
Bản dịch
Tiếng Anh
De Fisker
In fisker bin 'k, nei wûnders op 'e fang
Ik set myn net yn frij en ôfhierd wetter:
Dit boat is mines mar in deiskoft lang
Rju helle ik op, mar hoopje op mear en better—
In fisker bin 'k, nei wûnders op 'e fang
De leafde mei syn neatbihâldend jaan
De freonskip mei syn nommele wjerhâlden
En eagen fang ik, stjerren yn har baan
En lit se ljochtsje as nij ûntdutsen wrâlden—
En djip ferstean yn neatbihâldend jaan
De skientme dy't yn siele en lichem is;
Gods byld, dat yn syn kleare spegels ljochtet;
Stream fan genede, dy't troch wyldernis
En heidegrûn syn seine wyn en bochtet—
De skientme dy't yn siele en lichem is
Dit boat is mines mar in deiskoft lang
En foar de jûn rint it allicht te pletter—
Nei skientme, leafde en freonskip op 'e fang
Skôgje ik de loft; it wurdt allinken letter:
Dit boat is mines mar in deiskoft lang
In fisker bin 'k, nei wûnders op 'e fang
Vasha
submitted on 16 Th10 2025 - 22:54
Bình luận của người xuất bản:
Words: Fedde Schürer; music: Nanne Kalma












